Twa & Twa spilet "IS GOED"
Welkom op de side fan Twa en Twa
Twa & Twa

Twa&Twa is gjin offisjele feriening. It selskip is by tafal ûntstien doe’t 4 minsken út Jirnsum de koppen ris by elkoar stutsen. Sy wiene allegearre ‘gek’ fan toaniel, mar stelden wol hege easken. In trochsnee blijspul woene se net, belangryk wie wol dat in grut part fan it publyk it wurdearje soe. Troch ynset en motivaasje soe it in súkses wurde kinne, mar ek û.l.f. in betûfte regisseur: Arnold Dijkstra!

Dizze 4 minsken, Jan Terra, Tsjisse de Jong, Janny Niemarkt en Baukje Stavinga krigen de kâns yn 1998 om dit te realisearjen troch it stik ‘Lekker Koese’ fan Dimitri Frenkel Frank op de planken te setten y.f.m. it jubileum fan de IIsclub. Dit wie sa’n sukses, sadat Twa & Twa de kâns krige om dit ek op oare plakken te spyljen. Dit wie de driuwfear om troch te gean.

It bestjoer bestiet út Theo Terra, Jeep Schreuder, Janny Niemarkt en Baukje Stavinga

It lêste nijs

It nije programma foar it winterskoft 2011-2012

Dit winterskoft spilet Twa & Twa in komeedzje dy’t yn it Nederlânsk bekend is as ‘Boeing Boeing’. Yn it Frysk is de titel ‘It siet yn’ e loft’. Dit stik mei yn de haadrol Jon van Eerd wie in produksje fan Joop van den Ende en waard nominearre foar de ‘Toneel Publieksprijs’. Yn it teaterseizoen  2008-2009 is it stik op 90 plakken yn Nederlân spile mei grut sukses. Al mei al in echte komeedzje dy’t grif by in protte minsken yn’ e smaak falle sil.

As nije regisseur is Doede Schilstra frege. Doede hat in protte ûnderfining op ferskate plakken opdien. Ek is hy karmaster by STAF (Stichting Amateurtoaniel Fryslân) Mear oer it stik kinne jim fine by ’spile stikken’.

Kaarten kinne ek telefoanysk besteld wurde: 06-14657754 of fia de website -> kontakt

Kaarten yn de foarferkeap freed €4, sneon €8. Oan de seal freed €6, sneon €10

Spyllist 2012:

De Twa Gemeenten, Jirnsum, freed 13 jannewaris

De Twa Gemeenten, Jirnsum, sneon 14 jannewaris mei muzyk fan ‘Dûbeldyk’!

Acelyna, Erkan, Winand en Puk