It nije programma foar it winterskoft 2011-2012
Dit winterskoft spilet Twa & Twa in komeedzje dy’t yn it Nederlânsk bekend is as ‘Boeing Boeing’. Yn it Frysk is de titel ‘It siet yn’ e loft’. Dit stik mei yn de haadrol Jon van Eerd wie in produksje fan Joop van den Ende en waard nominearre foar de ‘Toneel Publieksprijs’. Yn it teaterseizoen 2008-2009 is it stik op 90 plakken yn Nederlân spile mei grut sukses. Al mei al in echte komeedzje dy’t grif by in protte minsken yn’ e smaak falle sil.
As nije regisseur is Doede Schilstra frege. Doede hat in protte ûnderfining op ferskate plakken opdien. Ek is hy karmaster by STAF (Stichting Amateurtoaniel Fryslân) Mear oer it stik kinne jim fine by ’spile stikken’.
Kaarten kinne ek telefoanysk besteld wurde: 06-14657754 of fia de website -> kontakt
Kaarten yn de foarferkeap freed €4, sneon €8. Oan de seal freed €6, sneon €10
Spyllist 2012:
De Twa Gemeenten, Jirnsum, freed 13 jannewaris
De Twa Gemeenten, Jirnsum, sneon 14 jannewaris mei muzyk fan ‘Dûbeldyk’!
