Twa&Twa is gjin offisjele feriening. It selskip is by tafal ûntstien doe’t 4 minsken út Jirnsum de koppen ris by elkoar stutsen. Sy wiene allegearre ‘gek’ fan toaniel, mar stelden wol hege easken. In trochsnee blijspul woene se net, belangryk wie wol dat in grut part fan it publyk it wurdearje soe. Troch ynset en motivaasje soe it in súkses wurde kinne, mar ek û.l.f. in betûfte regisseur: Arnold Dijkstra!
Dizze 4 minsken, Jan Terra, Tsjisse de Jong, Janny Niemarkt en Baukje Stavinga krigen de kâns yn 1998 om dit te realisearjen troch it stik ‘Lekker Koese’ fan Dimitri Frenkel Frank op de planken te setten y.f.m. it jubileum fan de IIsclub. Dit wie sa’n sukses, sadat Twa & Twa de kâns krige om dit ek op oare plakken te spyljen. Dit wie de driuwfear om troch te gean.
It bestjoer bestiet út Theo Terra, Jeep Schreuder, Janny Niemarkt en Baukje Stavinga



















