Winterskoft 2010-2011
Groetnis fan de Veluwe fan Carl Slotboom
It ferhaal giet oer de famylje Swaanswyk, dy’t bestiet út man, frou, dochter en in ynwenjende beppe . Beppe hat de earste priis wûn mei in kryptogram en dy bestiet út in wike fakânsje yn in stakaravan op’ e Veluwe. It kampearjen is foar dizze minsken, dy’t altyd yn lúkse libje, in folslein nije wrâld en se ha dan ek grutte swierrichheden mei it oanpassen op de kamping. Dit jildt net foar de famylje Bruinsma. Heit Sjef, mem Truus en soan Boris ha soks wol mear by d’ ein hân. Mei sokke tsjinstellingen kinne konfrontaasjes tusken de beide famyljes ek net útbliuwe.
Winterskoft 2009-2010
‘ In Mercedes mei trekheak’ fan Bonne Stienstra
It gegeven is fansels al sa âld as de wei nei Rome, mar bliuwt altyd aktueel omdat it fansels sa
werkenber is: ‘ De man is in jager en dat sil er altyd bliuwe’.
Hâns en Anneke ha in gesellich jûntsje op tou set mei freonen fan Hâns, te witten: Wolter mei de frou
en Jurjen, dy’t noch frijgesel is. Wolter mei graach oer in mop dy’t net geskikt is foar ûnder de krystbeam
en is fierder ek net sa taktysk. Jurjen sit noch altyd by mem ûnder de plak, sy wol him net kwyt.
Hâns hunkert noch altyd nei de tiid dat er mei syn maten op stap gie en dat se fan alles mei
syn trijen belibben. Om dy reden hat er harren dizze jûn ek útnoege, it liket him geweldich ta om noch ris
in wykeintsje sûnder de froulju te kampearen: ‘ ouwe jongens krentenbrood’.
Fansels stimme de oaren hjir mei yn, al pakt it wykeintsje wol hiel oars út as dat se ferwachte hiene…
Winterskoft 2008-2009
‘Is goed’ fan Ton Davids,
In kluchtich blijspul fan Ton Davids. Koarte ynhâld fan it stik: De âlden fan Noortje wenje yn in moai en grut hûs, mar se ha gjin neil om’ e kont te klauwen. De saak fan Noortje har heit is faillyt. Winand rekket oan’ e drank en Noortje har mem Puk siket mear in strukturele oplossing. Har dochter soe mei Jan-Willem trouwe kinne, syn âlders meitsje mei harren syljacht in wrâldreis en dy moatte dus wol jild ha. It houlik moat in sukses wurde. Erkan de klus-Turk is ynhierd om de grutte hal op te knappen. Hy sil ek trouwe, mar hy hat syn breid inkeld op in ûndúdlike foto sjoen. Ek Loet, de weddingplanner, is ynhierd. Jan-Willem is op it moment supreme smoardronken en der moat dus in oplossing fûn wurde. Erkan nimt it plak yn fan Winand en oarsom. De gefolgen binne minder simpel. Acelya komt oan (de oansteande breid fan Erkan) en sy ferwachtet dat Winand de heit fan har bern wurdt. Fierder docht bliken dat de âlden fan Jan-Willem ek gjin jild ha, Jan-Willem twivelt oan syn ‘natuer’ en úteinlik giet it houlik fan Noortje en Jan-Willem ek net troch. Mar in oar houlik liket op kommende wei…
Winterskoft 2007-2008
‘De goate’ fan Ton Davids.
De goate is in opfanghûs foar dak en thúsleazen. De lieding is yn hannen fan Toos en Pien. Pien liket in idealistyske frijwillichster, mar se docht eins ûndersyk om in rol by de televyzje as swalkster te krijen. De fjouwer bewenners ha elk harren eigenaardigheden. Eduard is in oan leger wâl rekke akteur en hat nochal wat problemen mei de alkohol. Wanda is in hoer op har retour, Jotie is in junk dy’t de dakleazekrante oan’e man besiket te bringen, mar eins woe er leaver dichter wêze. Rika is in klassike swalkster mei in winkelweintsje. It fuortbestean fan ‘De goate’ wurdt bedrige troch de buert, dy’t fertsjinwurdige wurdt troch Meerman, de buorman. Hy hat it bestimmingsplan fan de gemeente fûn en hjir stiet dúdlik yn, dat it pân allinne mar brûkt wurde mei as wenhûs/kantoarpân. Op it stuit dat de bewenners it hûs ferlitte moatte, wurdt bekend dat Pien har rol by de televyzje kriget. Opfanghûs ‘De goate’ wurdt ympresariaat ‘De goate’, it wurdt in grut sukses en de buert is wakker entûsjast.
Winterskoft 2005-2006
‘As de kat fan hûs is’ fan Mortimer & Coke.
Herman en Martha binne krapoan 25 jier troud. Martha wol, om dit te fieren, nochris de romantyk fiele. Se boekt in 2e houliksreis nei itselde hotel fan eartiids yn datselde leuke plakje oan de Riviera. Herman is as de dea foar fleanen en wol net mei, hy timmert folle leaver oan syn dowehok. Op it stuit dat se inoar yn’e bek hingje oer it reiske, falt Martha’s suster Alie mei de doar yn’e hûs. Sy wol by har man Dick wei, no’t se ûntdutsen hat dat hy wat mei syn sekretaresse hat. Dick lit der gjin gers oer groeie en komt har daliks efternei mei it doel om har wer thús te krijen. De ‘houliksreis’ kin nei in protte lijen dochs trochgean, allinne sûnder Herman. De beide froulju beslute tegearre te gean. Fansels is dat in gelegenheid foar Dick om fan de situaasje te profitearjen. Hy noeget sekretaresse Jenny út mei har freondin Sylvia, sadat Herman ek wat oanspraak hat. Mar op it stuit dat se de famkes thús ha, begjinne de saken út’ e hân te rinnen. De tarieding fan Dick lit neat te winskjen oer, mar it muzykje op de eftergrûn, it kearsljocht en de sjampanje kinne de ramp net foarkomme..
Winterskoft 2004-2005
‘Gouden dagen’ fan Froukje Annema
Jan en Maaike, beide om de 40 jier hinne, binne op it stuit wat op inoar útsjoen. Se ornearje, se moasten it mar ris in moanne (ynearsten) bûten inoar sjen te rêden. Sadwaande begjint it stik op it momint dat Jan him mei de kanarje foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn’e stêd. Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is mar amper hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn’e kunde te kommen en om him mei ferskate saken lestich te fallen. Gelokkich bellet der in freon op, dy’t him in wykein mei ha wol te fiskjen. De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flatsje datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa’ n situaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit, dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje út makket en Jan om it strieminne waar sûnder euvelmoed thús komt. Der moat gâns wat sljochte wurde om alles wer yn rêstich farwetter te krijen.
Winterskoft 2002-2003
‘Boerebûnt en reade lampen’ fan Carl Slotboom
It spilet him ôf yn it hûs fan twa hoeren, dy’t fanselssprekkend it âldste berop fan de wrâld útoefenje. Omdat de saken de lêste tiid net sa geweldich geane, wolle se mar in keamer ferhiere. Tagelyk mei it kommen fan de nije hierder komme ek de swierrichheden yn’ e hûs. Hindrik ,de nije hierder is in man dy’t in grouwelige hekel hat oan hoeren en alkohol. Hy funksjonearret allinne mar op syn eigen ‘boerehiem’. Omdat se it jild foar de keamer wol brûke kinne, meitsje de froulju him wiis dat se in praktyk foar fysioterapy ha. Se hâlde domwei net rekken mei de klanten, dy’t geregeld harren hûs besykje. Fansels kin it net útbliuwe dat soks ôfgryslik út’ e hân rint. Mei de hoeren, Hindrik, de alkohol, de klanten en net te ferjitten skoanmem en Klaske.. ‘
Winterskoft 1999-2000
‘Ien foar ûnderweis’ fan Willy Russell.
Sicco libbet mei syn frou en buorlju yn in kreaze nijbouwyk. It begryp echtlike trou stiet heech oanskreaun. Op syn 40-jierrige jierdeifeestje wurdt de sfear eksplosyf. Sicco stiet oan de râne fan in midlifekrisis. De situaasje eskalearret nei in hilarysk plot. Yn de relaasjekomeedzje ‘Ien foar ûnderweis’ (oarspronklike titel ‘one for the road’) lit Willy Russell mei in fette knypeach de kearside sjen fan in feilich útstippele libben.
Winterskoft 1997-1998
‘Lekker koese’ fan Dimitri Frenkel Frank.
Otto, in yntellektueel is by syn frou weirûn en hat in flatsje hierd. Dêr komt buorman Freark by him dy’t ek wol fan syn frou ôf wol, mar net rjocht doart. Hy freget Otto om rie. Dan set er dochs troch en leit syn matras yn it flatsje fan Otto njonken Otto sines. Underwilens hat Otto syn frou Ankeline al ris oer de telefoan besocht kontakt mei Otto te krijen, mar as dat net slagget komt se sels lâns. It duorret net lang of Tet, Freark syn wiif, komt ek lâns. It liket op partnerruil ta te gean, want sy ferkeare mei syn fjouweren yn itselde flatsje. Dit rint op in stuit út de hân en de beide froulju wurde der mei de matrassen út set. Freark hat Otto wol gewurde litten, mar hy kin it sûnder frou net úthâlde. Mei Otto hinget it der gâns swierder yn. Mar as Ankeline it ta it uterste komme lit, giet hy der ek ûnder troch en giet wer mei syn frou op hûs oan.
